Amelanners wolle mei kurator prate oer oername De Stelp

29 nov 2014 - 13:24
  • Soarchsintrum De Stelp op It Amelân

Bewenners fan It Amelân wolle der alles oan dwaan om soarchsintrum De Stelp op it eilân iepen te hâlden. De takomst is ûnwis no't eigener Pasana fallyt gien is. De eilanners wolle sa gau mooglik mei de kuratoaren fan Pasana om tafel om te praten oer in oername.

Se hawwe al plannen om it wer in nije takomst te jaan. Sa wolle se ûnder oare wat dwaan oan de leechstân yn it gebou. Op dit stuit stiet goed ien-tredde leech. Om dat op te lossen wolle de inisjatyfnimmers soarchfakânsjes oanbiede. Sa kin der ek mear jild binnen komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)