Grêf foarâlden opsykje mei help fan mobile telefoan

29 nov 2014 - 13:16

Mei de mobile telefoan in grêf sykje is ynkoarten mooglik op it begraafplak fan Surhústerfean. Yn it doarp binne se dwaande mei in grutte útwreiding fan it begraafplak. Der komt mear plak foar grêven en dêrneist wurde de grêven mei GPS yn kaart brocht.

Mei de mooglikheid fan trasearjen fan grêven mei de telefoan hopet Cor Hager fan útfeartferiening Memento Mori yn te spyljen op de winsken fan neibesteanden. In oar foardiel is dat de administraasje sa better organisearre wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)