"Romte en rêst nedich nei fallisemint Pasana"

29 nov 2014 - 13:09
  • Freed hongen yn Dokkum de flaggen healstôk neidat it fallisemint útsprutsen wie

De kuratoaren fan Pasana fine dat der no earst romte en rêst komme moat. Soarchgroep Pasana, dêr't sikehûs De Sionsberg yn Dokkum en njoggen fersoargingshuzen ûnder falle, is fallyt ferklearre. De kuratoaren prate mei de direksje, medysk spesjalisten, de bank, de soarchfersekerder en de Ynspeksje fan de Sûnenssoarch hoe't it no fierder moat.

Foar de âldereinsoarch binne al oernamekandidaten, mar kurator Matthijs Sturms wol earst in goed byld hawwe fan de stân fan saken. It plan fan de medysk spesjalisten wurdt ek bepraat troch de kuratoaren.

It personiel fan Pasana krijt neffens Sturms yn de rin fan nije wike it salaris oer novimber útbetelle. Alle 1400 minsken reitsje harren baan kwyt troch it fallisemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)