Seis arrestaasjes by drugsynfal yn wenhûs yn Ljouwert

29 nov 2014 - 12:13
  • Drugs

Yn Ljouwert binne freedtejûn seis minsken oppakt by in ynfal yn in wente. It giet om in 63-jierrige frou en fjouwer manlju tusken de 41 en 52 jier út Ljouwert en in 38-jierrige man út Grins. It hûs stiet by plysje en gemeente bekend om drugsoerlêst. Boargemaster Crone oerwaget it hûs te sluten.

Fan de oppakte fertochten sitte trije noch fêst. Yn it hûs oan de Beekkerkstrjitte soe ûnder oare kokaïne, heroïne en speed ferkocht wurde.

De ynfal is in inisjatyf fan plysje en gemeente om de oerlêst fan druggebouwen te ferminderjen. Earder hat Crone ek al in wente oan De Kei sluten. De plysje ferwachtet de kommende dagen noch mear ynfallen te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)