Fertocht duo mei oanhingwein mei metaalstrips oppakt

Plysje © ANP XTRA
Op it parkearplak oan de Suderseewei by Balk binne twa minsken oppakt op fertinking fan stellerij fan metalen strips. It duo, in 24-jierrige Ljouwerter en in 30-jierrige ynwenner fan Wikel, stienen dêr mei in auto mei in karre. Op de wein leine in bulte metalen strips. Omdat de plysje it fermoeden hat dat it om stellen guod giet, hawwe se de wein en it guod yn beslach naam.
Beide fertochten binne foar fierder ûndersyk nei it plysjeburo brocht.