Autobestjoerder rydt hurdfytser fan achteren oan

argyffoto © ANP XTRA
In 59-jierrige man út de gemeente Westerveld is freed by Noardwâlde oppakt foar mishanneling en bedriging fan twa hurdfytsers. De slachtoffers fytsten op de Nije Wei rjochting Frederiksoard. De fertochte ried yn de auto achter de twa, helle harren yn en trape dêrnei op de rem. Dat soarge foar in gefaarlike sitewaasje.
Letter helle ien fan de hurdfytsers, in 48-jierrige man fan It Hearrenfean, de auto wer yn. Dêrop hat de automobilist de hurdfytser fan achteren oanriden. De fertochte naaide út, mar is letter dochs noch arrestearre.