Rûzige nacht yn Ljouwerter binnenstêd

29 nov 2014 - 07:20

It hat fan freed op sneon in rûzige nacht west yn de Ljouwerter binnenstêd. Sa hat in Ljouwerter in plysjeman mishannele doe't se ûnderweis wienen nei it plysjeburo. De man wie earder oppakt om't er it hoarekaferbod oertreden hie.

Fierders wienen ferskate minksen dronken, wêrûnder in 16-jierrige jonge. Syn âlden binne belle. Dêrneist binne op it Ruterskertier in 19-jierrige man út Ljouwert en in 46-jierrige frou út Dronryp beboete. Sy wienen dronken en soargen foar oerlêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)