Koprinner UNIS Flyers hellet út tsjin Herentals

De iishockeyers fan It Hearrenfean hawwe freed in klinkende oerwinning behelle op 'Angstgegner' Herentals út België. Yn Thialf waard it leafst 10-2 foar de Flyers, dy't earder dit seizoen noch twa kear ferlearen fan de Belgen.
De koprinner pakte fia de perioadestannen 3-1, 5-0 en 2-1 de grutste oerwinning oant no ta. Opfallend wienen de trije goals yn de lêste oardel minút fan de twadde perioade. Ronald Wurm waard mei fjouwer treffers topskoarer. De ploech fan trainer Chris Eimers is yn de kompetysje noch sûnder puntferlies.
Neist Wurm skoarden foar de Flyers ek Brent Janssen, Josh Prudden(2), Joey Oosterveld(2) en Andrew Krelove.