FNP wol iepenbierens oer boaiemdelgong yn Noardwest-Fryslân

28 nov 2014 - 17:11

De FNP-steatefraksje wol iepenbierens fan alle nije ynformaasje oer de boaiemdelgong yn Noardwest-Fryslân. De fraksje stelde hjir skriftlike fragen oer oan Deputearre Steaten. Oanlieding binne de berjochten dat de delgong troch de gaswinning fan Vermilion folle slimmer wurdt en folle langer trochgean sil as earder tocht.

De FNP tinkt dat it sûnder folsleine iepenbierens foar partikulieren ûnmooglik is om skea te claimen. Neffens de fraksje giet it measte jild yn it saneamde Gebietsûntwikkelingsplan Frjenterteradiel-Harns nei it Wetterskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)