Idesta wol graach diel fan Pasana-lokaasjes oernimme

28 nov 2014 - 16:41

Idesta wol graach in part fan de âldereinhuzen fan Pasana oernimme, mar hat noch neat heard. De saak is no yn hannen fan de kurator. Boppedat binne der mear oernamekandidaten, lykas as de Kwadrantgroep, wêrûnder Palet en De Friese Wouden falle.

Rikus Sinnema fan Idesta tinkt dat syn organisaaasje te lyts is om alle Pasana-lokaasjes oer te nimmen. Mar as de Kwadrantgroep de âldereintehuzen fan Pasana oernimt, kin der ûnderhannele wurde oer it trochskowen fan inkele soarchlokaasjes yn de doarpen. Dy passe goed by it konsept fan Idesta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)