Basketballer Jackson-Cartwright fan Aris lang útskeakele

28 nov 2014 - 15:22

Basketballer Miles Jackson-Cartwright fan de Ljouwerter basketbalklup Aris is foar langere tiid útskeakele. De Amerikaanske pointguard skuorde ôfrûne sneon by de wedstryd tsjin Leiden syn polsbannen. Dêrtroch kin er seker trije moanne net spylje.

Nije wike sil de Amerikaan in sjoch-operaasje ûndergean om der achter te kommen hoe slim de blessuere krekt is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)