230 oanhâldings by grutskalige plysje-aksje Noard-Nederlân

28 nov 2014 - 14:40

By in lanlike aksje hat de plysje yn Noard-Nederlân yn in wike tiid 230 minsken oanholden en foar 400.000 euro oan iepensteande boetes binnenhelle. Mei de aksje wol de plysje berikke dat minsken dy't har ûntlûke oan in boete of straf, dizze dochs noch betelje of útsitte moatte.

De plysje yn Fryslân, Grinslân en Drinte gong lâns 1400 adressen om boetes te innen of minsken fêst te setten. Ek waarden mear as 10.000 auto's kontrolearre, ûnder oare fia scans fan kentekenplaten. Dêrby binne 36 auto's yn beslach naam en 12 minsken oanholden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)