Pasana: "Behâld De Sionsberg net helber"

De Sionsberg © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Pasana hat wurdearring foar de 'spirit' fan de meiwurkers fan De Sionsberg, mar se moatte wol realistysk bliuwe. Dat seit wurdfierder Dick van Driel fan Soarchgroep Pasana. Hy neamt it behâlden fan in folslein sikehûs yn Dokkum yn dizze situaasje net helber.
De medysk spesjalisten wolle it sikehûs sels iepenhâlde, mar ûndertusken wurdt der al wol apparatuer fuorthelle. Pasana seit dat sy alles stean lit. Neffens Van Driel giet is om it bedriuw iScan. Dat hellet har eigen apparaten út it sikehûs en de njonkenlizzende klinyk fuort.