Sportkompleks De Jouwer pas ein jannewaris iepen

28 nov 2014 - 14:17

It nije sportkompleks op De Jouwer wurdt letter oplevere as pland. It sportsintrum, besteande út swimbad De Stiennen Flier, de sporthal en de entree mei in hoarekasaak, soe al op 10 desimber klear wêze moatte. Dat wurdt no pas healwei jannewaris.

Omdat de romtes dêrnei ek noch ynrjochte wurde moatte, is de ferwachting dat it nije sportkompleks ein jannewaris pas iepen kin foar publyk. "Ferskate omstannichheden" binne neffens oannimmer Pellikaan Bouw en opdrachtjouwer De Fryske Marren de oarsaak fan de fertraging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)