Haadfertochte krijt 18 moanne selstraf yn Lemster fraudesaak

28 nov 2014 - 14:12

De 35-jierrige Lemster haadfertochte fan in grutte fraudesaak hat 18 moannen selstraf krigen, wêrfan 6 ûnder betingst. De man hat in proeftiid fan twa jier. De útspraak fan de rjochter is dêrmei gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje. De 72-jierrige heit fan de fertochte krige in wurkstraf fan 120 oeren en fjouwer moanne finzenisstraf ûnder betingst. Twa oare fertochten binne frijsprutsen.

De Lemsters holden har dwaande mei it yllegaal ferkrijen fan hypoteken en it yllegaal útjaan fan jild út boudepots.

De rjochtbank hat der by de útspraak rekken mei holden dat in diel fan de saken mear as 10 jier âld is en dêrmei te lang lyn is om mei te nimmen yn de útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)