Boubedriuwen moatte klantfreonliker wurkje

28 nov 2014 - 13:40

Boubedriuwen moatte folle klantfreonliker wurde en bewenners by de bou fan wenten en renovaasjeprojekten belûke. Dat seit direkteur Biense Dijkstra fan boubedriuw Dijkstra Draisma freedtemoarn op in gearkomst oer wenningbou yn de takomst.

Dijkstra Draisma is al folop dwaande mei it ûntwikkeljen fan duorsume en takomstbestindige wennings foar jonge en âldere bewenners dy't soarch nedich ha. Ek soene bouwers ûnderhâldstaken fan wenningkorporaasjes oernimme kinne no't dy minder jild hawwe fanwege de ynfiering fan de ferhierdersbelesting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)