Sherida Spitse út de skroeven mei pleatsing foar WK fuotbal

Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits is út de skroeven mei it beheljen fan in ticket foar it wrâldkampioenskip takom jier yn Kanada. Troch de 2-1 oerwinning op Italië pleatsten de Nederlânske fuotbalfroulju, mei dêryn ek keepster Loes Geurts út Hichtum, harren foar it WK fuotbal.
It is in histoaryske prestaasje, want noch nea earder pleatsten de froulju har. Foar Spitse wie it har 99e ynterlân. Neist pleatsing foar it WK mei de Oranjefroulju, waard Spitse ek noch kampioen en wûn se de beker mei har klup Lillestrøm SK yn Noarwegen.