Frou út Lelystêd ferwûne op A7 by Nijehaske

© ANP
In 21-jierrige frou út Lelystêd is tongersdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by Nijehaske. De frou ried rjochting De Jouwer. Nei alle gedachten seach se te let dat de bestjoerder foar har remme. Se klapte op de auto foar har. De frou út Lelystêd hie ferskate ferwûnings en moast mei de ambulânse nei it sikehûs.
De bestjoerster dy't foar har ried is op it plak fan it ûngelok ûndersocht troch ambulânsepersoniel. Sy koe dêrnei wer fierder ride.