Diskoteek The Dance Factory yn Berltsum wer iepen

28 nov 2014 - 10:07

Diskoteek The Dance Factory yn Berltsum giet wer iepen. It is de bedoeling dat noch dit jier de doarren wer iepen gean. In ynvestearringsgroep hat de diskoteek oernaam fan Jetze Hoekstra. Hoekstra hâldt wol de lieding yn de saak.

De diskoteek giet yn in oare foarm troch. Sa gean de doarren allinnich iepen as der feesten of aktiviteiten pland binne. Foarearst bliuwt de namme itselde. Yn april dit jier moast de diskoteek slute, om't der te folle hinder wie fan de nije hoarekawet, wêryn stiet dat jeugd oant 18 jier gjin alkohol keapje mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)