Anty-kreakers moatte út Mooi Gaasterland

De 20 anty-kreak bewenners yn Mooi Gaasterland krije fjouwer wiken de tiid om in nij ûnderkommen te sykjen. Dat is besletten mei it each op de mooglike komst fan asylsikers nei Riis. Hoewol't der noch gjin dúdlikens is oer de krekte plannen, moatte de anty-kreakers dochs ferhúzje.
Guon fan dizze minsken wenje al jierren yn Riis en moatte no yn in moanne tiid in nije wenplak fine. Dit is fierstente koart tiid, fine de anty-kreakers.