Epke Zonderland: "Wy wolle Rocke yn Rio"

28 nov 2014 - 09:00

De Nederlânske turners wolle har mear as team profilearje. Dêrom hawwe se har op in Facebookside feriene ûnder de namme 'Let's Rock in Rio'. In earste inisjatyf om by in breder publyk ûnder de oandacht te kommen, is in optreden yn de nije klip fan de Nederlânske rockband Kensington. Epke Zonderland, Bart Deurloo en Casimir Schmidt hawwe dêryn de haadrol.

Dit makke Zonderland freedtemoarn bekend op 3FM. Yn de klip is te sjen hoe't de turners traine, wylst op de achtergrûn te hearren is hoe't Zonderland yn 2012 goud wint yn Londen.

Besjoch hjir de Facebookpagina mei de fideoklip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)