Wurkgroep Riis fynt kolleezje amateuristysk

It haadgebou fan Mooi Gaasterland © Wikipedia CC, Gouwenaar
Ek de Wurkgroep Riis hat grutte krityk op it optreden fan boargemaster en wethâlders fan de Fryske Marren wat betreft de plannen foar in asylsikerssintrum yn Riis. De wurkgroep achtet b. en w. net mear yn steat om út namme fan Riis te ûnderhanneljen oer de komst fan in azc. Neffens de wurkgroep is der sprake fan ûnbehoarlik bestjoer en hat it kolleezje boargers en gemeenteried lange tiid negearre yn de kwestje. Wat betreft de ûnderhannelingen mei it COA, hawwe b. en w. amateuristysk en ûnsoarchfâldich hannele, fynt de wurkgroep.