Oranje fuotbalfroulju nei winst op Italië nei WK

27 nov 2014 - 22:39

De Nederlânske fuotbalfroulju hawwe harren foar it earst yn de histoarje pleatst foar it WK dat yn 2015 yn Kanada spile wurdt. Yn Verona wûn Oranje mei 2-1 fan Italië. Vivianne Miedema, earder de spits by de froulju fan SC Hearrenfean, skoarde twa kear foar Oranje. De earste wedstriid yn Den Haach einige sneon yn 1-1. Oranje wie folle better as Italië. Keepster Loes Geurts waard ferrast troch in eigen goal fan Stephanie van der Gragt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)