Wethâlder De Fryske Marren net iens mei krityk

Wethâlder Durk Durksz fan De Fryske Marren dielt de krityk fan doarpsbelang Bakhuzen, Murns en Riis oer de opstelling fan it kolleezje yn de saak Riis net. Doarpsbelang sei dat de gemeente blundere hat yn de kommunikaasje oer de mooglike komst fan in asylsikerssintrum yn it doarp. De gemeente sil tenei wol better weromkeppelje wat der mei de opmerkingen út it doarp dien is.
Nije wike sitte beide partijen foar in oerlis oan tafel.