Húsdokterspost De Sionsberg fan freed ôf nachts ticht

De húsdokterspost by De Sionsberg yn Dokkum is fan freed ôf yn de nacht ticht. As pasjinten yn de nacht help nedich hawwe, moatte se earst belje mei de dokterswacht. De akute soarchferliening yn De Sionsberg wurdt freedtemiddei om 17.00 oere stillein.
Om de soarch sa goed mooglik yn stân te hâlden, sille yn de húsdokterspost altyd twa dokters en twa assistintes oanwêzich wêze. By spoed wurdt trochferwiisd nei sikehuzen yn Ljouwert en Drachten. Mei Kijlstra ambulânseferfier is ôfpraat dat by spoedgefallen direkt in ambulânse beskikber is.