Fryslân set yn op Keninginne fan de Greide: de Argusflinter

27 nov 2014 - 16:37

Fryslân hat mei de skries al de Kening fan de Greide yn it fjild, mar as it oan It Fryske Gea, de Vlinderstichting, de provinsje en it agrarysk kollektyf foar natoerbehear It Lege Midden leit, komt dêr in Keninginne fan de Greide by: de Argusflinter. It ôfrûn jier waard dúdlik dat Fryslân wichtich is foar dizze flintersoart.

De Argusflinter docht it goed op krûderike greiden. Mar hoe't jo it de Argusflinter it bêste nei't it sin meitsje kinne, is ûndúdlik. Dêrom beginne de partijen in ûndersyk om út te finen wat de flintersoart lokket.

It ûndersyk hat as doel om út te finen wat wy wol en net dwaan moatte om der foar te soargen dat de Kening fan de Greide en de Keningin fan de Greide elkoar moetsjen bliuwe yn it Fryske fjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)