Centraal Beheer spilet tûk yn op flater AH-posters

27 nov 2014 - 16:26

Centraal Beheer Achmea hat tûk ynspiele op in flater fan Albert Heijn. De supermerkketen hie woansdei Fryske teksten op reklamebuorden yn de stêd Grins plakt.

Centraal Beheer, dy't bekend stiet om harren televyzje-reklames wêryn't der regelmjittich flaters makke wurde, spile op dizze flater yn troch harren slogan "Even Apeldoorn bellen" oer te setten nei it Frysk en neist in foto fan de fout te setten. Mei de reklameposters frege Albert Heijn oandacht foar de nije besoarchservice.

De flater smiet fuortendaliks in soad reaksjes op yn de sosjale media. Woansdeitemiddei binne de posters ferfongen troch de Nederlânske fersys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)