Hinder op spoar fan Ljouwert nei Grins

27 nov 2014 - 16:14

Treinreizgers moatte tongersdeitemiddei en -jûn rekken hâlde mei ferkearshinder op it spoar fan Ljouwert nei Grins. De trein fan Ljouwert nei Grins giet net fierder as Bûtenpost, fanwege problemen mei de spoarbrêge oer it Hoendiep by Zuidhorn.

Fan Bûtenpost ôf moatte reizgers fierder mei de bus nei Zuidhorn. Hjir kinne se it lêst stikje nei Grins wer op de trein stappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)