Sympoasium yn WTC moat Fryske eksport stimulearje

27 nov 2014 - 15:20
  • Eksport

Om de eksport yn Fryslân en Noard-Nederlân te stimulearjen, organisearre de provinsje tongersdei tegearre mei de Keamer fan Keaphannel it sympoasium 'Ynternasjonaal yn 1 Dei' yn it WTC Expo yn Ljouwert. Undernimmers koenen dêr kennis en ûnderfinings oer ynternasjonaal sakedwaan mei-inoar diele. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma iepene it sympoasium tongersdeitemoarn.

De provinsje fasilitearret Fryske ûndernimmers om de eksport te yntinsivearjen. Yn it programma Wurkje foar Fryslân 2015 wurdt dit ien fan de spearpunten. Mei-inoar ynvestearret Fryslân goed 10 miljoen yn dizze plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)