Underwizer Dr. G.A. Wumkesskoalle op non-aktyf steld

27 nov 2014 - 15:21

In ûnderwizer oan de Dr. G.A. Wumkesskoalle op De Jouwer is op non-aktyf steld nei klachten fan âlden. Dat befêstiget it bestjoer fan de kristlike basisskoalle. De man, in fêste learkrêft, sit al in pear wike thús. Oer de aard fan de klachten wol it skoalbestjoer gjin meidielings dwaan.

It bestjoer lit witte dat der op dit stuit in ûndersyk geande is en de âlden ynformearre binne. Der binne gjin oanjeftes dien tsjin de ûnderwizer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)