Van Wijnen skrast maatregel om ATV-dagen yn te hâlden

27 nov 2014 - 15:03
  • Van Wijnen

Boubedriuw Van Wijnen op De Gordyk lûkt de maatregel werom om twa ATV-dagen fan de 1400 meiwurkers yn te hâlden. Neffens it bedriuw wie dit needsaaklik om't it net goed gie mei it bedriuw. De fakbûnen drigen in rjochtsaak oan te spannen om't it bedriuw him mei dizze maatregel net oan de CAO hâlde soe.

Dat Van Wijnen de maatregel no weromlûkt, wurdt troch de fakbûnen sjoen as in oerwinning. It fakbûn CNV giet derfan út dat mei it skrassen fan de maatregel de ferhâldings tusken it bedriuw en de fakbûnen herstelle sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)