Fandalen teisterje sportklups Aldeholtpea

27 nov 2014 - 14:54
  • Feilichheid

Twa sportklups yn Aldeholtpea binne slachtoffer wurden fan fernielings. Ofrûne wykein is de technykse romte fan de fuotbalklup oer de kop helle. Tonnen mei kalk waarden troch de romte smiten, de bannen fan de kalkmasjine binne lekprikt, der is mei farve op de doar en ruten skreaun en twa jerrycans benzine waarden leechgetten.

Woansdei fernielden fandalen sensoaren en ynformaasjebuorden by de kuorbalklup. De dieders stean op kamera, mar de klup jout se earst in kâns om harsels oan te jaan. Dogge se dat net, dan gean de bylden nei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)