Roemer: "Alles oan dwaan om De Sionsberg iepen te hâlden"

27 nov 2014 - 12:55

De SP wol der alles oan dwaan om De Sionsberg iepen te hâlden. Emile Roemer, fraksjefoarsitter fan de SP, sei dat tongersdei by syn besite oan it sikehûs yn Dokkum. Tegearre mei Twadde Keamer-lid Renske Leijten is Roemer yn Dokkum. Se prate ûnder oaren mei it personiel. De media binne net wolkom by dat petear.

Woansdei waard op in parsekonferinsje bekend makke dat De Sionsberg ein dizze wike slút. Foar de hiele Pasanagroep wurdt it fallisemint oanfrege, dus ek foar it sikehûs en de âldereinsoarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)