Diel fan Mooi Gaasterland mooglik yn hannen fan buorlju

In part fan it terrein fan Mooi Gaasterland dat yn de beneaming is as AZC-lokaasje yn Riis, is mooglik yn hannen fan de buorlju. De eigeners fan Chalet en Caravanpark De Vossenhoek binne de buorlju en sizze dat sy begjin dit jier 3000 kante meter grûn kocht ha fan de hjoeddeistige eigener Tom Genee. Dy seit dat dy ferkeap net trochgiet, mar dêr tinkt Nellie de Vos fan De Vossenhoek dúdlik oars oer.
Sy stapt nei de rjochter as it AZC der komt. It COA seit dat sy ek sûnder dy 3000 kante meter út de fuotten kin foar de festiging fan in AZC.