Doarpsbelang Riis: "Kolleezje hat blundere"

27 nov 2014 - 11:42

It kolleezje fan b. en w. fan De Fryske Marren kin en mei no net ynstimme mei in asylsikerssintrum yn Riis. Dat seit doarpsbelang Bakhuzen, Murns en Riis. Doarpsbelang hat der gjin inkel betrouwen yn dat der op dit stuit ûnder reedlike betingsten in asylsikerssintrum komme kin yn it doarp.

Doarpsbelang hat grutte krityk op de opstelling fan it kolleezje yn de kwestje. Boargemaster en wethâlders hawwe blundere yn de kommunikaasje mei it COA en mei it doarp. Ek ha se ûnhandich manipulearre mei it tal flechtlingen, fynt doarpsbelang.

Neffens wurdfierder Wink Blomsma wegeret it kolleezje om mei doarpsbelang yn oerlis te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)