Fryske gemeenten hawwe ypsykte ûnder kontrôle

De gemeenten yn Fryslân hawwe de ypsykte ûnder kontrôle. Dat fertelde Gauke Dam fan de Stichting Iepenwacht Friesland by de pleatsing fan fyftich nije ipen yn Warfstermûne. Wethâlder Jelle Boerema fan de gemeente Kollumerlân sette tongersdei in skeppe de grûn yn om de earste ipebeam te plantsjen.
Yn de ôfrune jierren binne der troch de ypsykte in soad beammen fuorthelle. Der kinne no wer nije ipen plante wurde, trochdat de gemeenten de sykte no yn 'e macht hawwe.