"Freed flagge healstôk tsjin sluting De Sionsberg"

27 nov 2014 - 11:06

Alle ynwenners fan Noardeast-Fryslân moatte freed de flagge healstôk hingje. Dy oprop docht Gea Krol út Dokkum. Neffens har is freed in swarte dei yn ferbân mei de sluting fan sikehûs De Sionsberg. Se wol mei de flagge-aksje sjen litte dat de ynwenners tsjin de sluting binne. Krol wurket sels by Pasana, de ynstelling dêr't De Sionsberg ûnder falt. Se hat ek tsien jier yn it sikehûs wurke.

Fraksjefoarsitter Emile Roemer fan de SP en Renske Leijten brochten tongersdei in besite oan it sikehûs yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)