Tsjûgen socht fan brân oan de Hanebalken yn Drachten

27 nov 2014 - 10:01

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in brân tiisdeitenacht oan de Hanebalken yn Drachten. In buertbewenner skrok om twa oere yn de nacht wekker fan lûde knallen oan de achterkant fan syn hûs. Doe't er nei bûten seach, die bliken dat de oerkaping yn 'e brân stie. Dêrûnder lei in stapel hout en in oantal bannen.

Troch de brân rûnen in garaazje en in houten skuorre ek skea op. De brânwacht hat it fjoer útmakke. De plysje is start mei in buertûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)