Ferkearshinder troch ûngelok op Wâldwei

27 nov 2014 - 09:41

Ferkear op de Wâldwei fan Warten rjochting Drachten moat rekken hâlde mei fertraging. Foar de Fonejachtbrêge fûn tongersdeitemoarn in ûngelok plak. Dêrby sloech ien auto oer de kop. Dêrnei klapten trije oare auto's op elkoar. Mooglik is der te hurd riden.

De bestjoerders binne ûndersocht troch ambulânsepersoniel. It ferkear moat oer ien rydstrook ride, wêrtroch't der ferkearshinder ûntstiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)