Krystpakketten noch hieltyd tige populêr

27 nov 2014 - 07:32

Krystpakketten binne noch hieltyd tige populêr. By ûnder oare it bedriuw KerstpakkettenXL yn Drachten wurdt dizze dagen mei man en macht wurke om de krystpakketten op 'e tiid de doar út te krijen. It bedriuw sit sûnt koarten oan de A7 by Drachten.

Oant en mei in pear dagen foar de krystdagen stiet alles yn it bedriuw yn it teken fan de krystpakketten. It giet dan om de bekende doazen fol mei guod, mar minsken kinne ek in pas krije fan harren wurkjouwer en dizze dan online fersulverje by it bedriuw yn Drachten.

Trefwurden: 
krystpakketten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)