Kompensaasjeregeling foar skea troch fûgelgryp útwreide

Der komt in kompensaasjeregeling foar fermearderaars en briederijen dy't skea hawwe troch de fûgelgryp. Dat hat steatssiktaris Sharon Dijksma ôfpraat mei de plomfeesektor. Troch de fûgelgryp kinne de fermearderaars har befruchte aaien net kwyt en kinne briederijen har útbrette pykjes net ferkeapje. Op grûn fan de regeling kinne dizze bedriuwen no kompensaasje krije foar de skea dy't se dêrtroch de ôfrûne tsien dagen hân hawwe. Foar de tiid dêrnei komt der gjin fergoeding mear.
Eric van Drie, dy't mei syn frou in fermearderingsbedriuw hat yn Noardwâlde, seit yn in earste reaksje bliid te wêzen mei de regeling, al is it noch wol ôfwachtsjen hoe heech dy útfalle sil. Hy sjocht yn de regeling ek in erkenning dat de hiele sektor skea hat fan de fûgelgryp en net allinne de plomfeehâlders.
Earder wie der al wol in fergoedingsregeling foar plomfeebedriuwen dy't fanwege fûgelgryp romme wurde moatte.