Keninklike earepenning foar kuorbalferiening Wordt Kwiek

26 nov 2014 - 20:02

Kuorbalferiening Wordt Kwiek fan Jobbegea hat woansdeitejûn in Keninklike earepenning krigen. Dy waard de klup takend fanwege it 100-jierrich bestean. Wordt Kwiek begûn yn 1914 as gymnastykferiening dêr't ek kuorballe waard. Letter waard dat allinnich kuorbal.

De klup krige de penning fan wethâlder Jelle Zoetendal fan gemeente Hearrenfean. Hy die dat by de algemiene ledegearkomste fan de kuorbalklup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)