Flinke ferskillen yn ferheging ûnreplikesaakbelesting

26 nov 2014 - 19:45

Yn de gemeenten Ferwerderadiel en It Amelân giet de ûnreplikesaakbelesting flink mear omheech as it lanlik gemiddelde. Dat docht bliken út in stekproef fan de Vereniging Eigen Huis, dêr't de NOS oer skriuwt. By de stekproef binne goed hûndert gemeenten besjoen. Gemiddeld freegje dy 2,4 prosint mear ûnreplikesaakbelesting.

Yn Ferwerderadiel is dat 7,39 prosint en op It Amelân 7,28 prosint. Ek de gemeente De Fryske Marren sit mei 3,36 prosint heger as it lanlik gemiddelde.

Achtkarspelen en Menameradiel sitte ûnder it lanlik gemiddelde. Yn Achtkarspelen is de ferheging hast in prosint, yn Menameradiel giet de ûnreplikesaakbelesting sels wat nei ûnderen. Hoewol't it om in stekproef giet, tinkt de Vereniging Eigen Huis dat it echte byld net folle ôfwike sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)