Seehûnen sjogge brúnfisken as lekker hapke

26 nov 2014 - 16:22
  • Brúnfisk

In diel fan de deade brúnfisken dy't de ôfrûne jierren op de kust oanspielden, liket it slachtoffer te wêzen fan seehûnen. Dy sjogge de fisken as miel. Dy konklúzje lûkt de Universiteit Wageningen nei ûndersyk fan deade brúnfisken dy't tusken 2003 en 2013 oanspielden.

In fjirdepart dêrfan blykt oanfallen te wêzen troch in seehûn. Ek op de Waadeilannen binne de ôfrûne jierren deade brúnfisken oanspield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)