Man bedriget plysje fia tillefoan
De plysje hat yn Makkum in 32-jierrige man oppakt, fanwege it earnstich bedriigjen fan in plysjemeiwurkster. De man belle moandei mei de plysje en begûn te skellen. Doe't de meiwurkster dêr wat fan sei bedrige de man har. Hy koe letter op de dei oanhâlden wurde yn Makkum. Dêr wennet er tydlik, oarspronklik komt er út Opheusden.