Blue Energy projekt iepene troch kening

Kening Willem-Alexander hat woansdeitemiddei op de Ofslútdyk by Breesândyk offisjeel in proefynstallaasje yn gebrûk naam dêr't saneamde Blue Energy mei opwekt wurde kin. Dizze enerzjy wurdt produsearre troch sâlt wetter út de Waadsee en swiet wetter út de Iselmar fia membranen meielkoar yn kontakt te bringen.
Ynearsten sille de technyske systemen wiidweidich test wurde en wurdt sjoen oft it kommersjeel ynteressant is. It inisjatyf foar de proefenerzjysintrale komt fan Redstack, Fujifilm en wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert.