Twatal oanhâlden yn Yndyk nei stellen bûtenboardmotor

26 nov 2014 - 15:56

De plysje hat tiisdeitenacht in 19-jierrige Snitser en in 20-jierrige Warkumer oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in bûtenboardmotor.

De eigeners fan de boat trappearren de mannen doe't se oan de boat sieten. It duo naaide doe út. De plysje fûn it twatal úteinlik yn in wenning yn Wâldsein. De 20-jierrige man fertelde dat hy te fiskjen west hie mei de bewenner. De bewenner wist fan neat en dêrom hâlde de plysje de man oan. De 19-jierrige waard op de boppeferdjipping oantroffen. Ek hy is oanhâlden.

Beide fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)