Nei hast 60 jier is ein kaam oan lytste sikehûs

De Sionsberg yn Dokkum, dat slute moat, hat in histoarje fan hast 60 jier. It kristlike sikehûs is oprjochte troch de bewenners en de tsjerken. It is iepene yn 1956. Stadichoan waard de funksje fan it sikehûs hieltyd lytser, bygelyks nei de sluting fan de ôfdieling bertesoarch. Minsken út de omkriten fan Dokkum bleaune yn aksje foar it behâld fan it sikehûs.
Ferline jier fusearre De Sionsberg mei Nij Smellinghe yn Drachten, mar dat koe de saak net rêde. No falt it doek foar it lytste sikehûs fan Nederlân.
Yn 1960 krige De Sionsberg in berneôfdieling. Yn 1981 iepenen Beatrix en Claus de nijbou fan it sikehûs. Fan 1997 ôf foel it ûnder de organsisaasje Talma Sionsberg, en sûnt 2007 heart it by de Pasanagroep. Ferline jier is De Sionsberg noch ferboud foar de polykliniken.