Bestimmingsplan Peinder Mieden opstarte

Kavel yn de Peinder Mieden © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De plannen foar de huzebou yn Peinder Mieden binne wer in stap fierder, no't it tal ferparte kavels op 26 kommen is. Ofrûne sneon wie de iepenbiere ynskriuwing en hawwe har wer trije nije leden oansletten by de keapersferiening. Dit betsjut dat de gemeenteried no frege wurde kin om in bestimmingsplan op te starten.
De Peinder Mieden is in agrarysk gebiet tusken De Pein en Drachten dat omfoarme wurde sil ta in natuergebiet, dêr't op lytse skaal yn wenne wurde mei.
De bewenners meie it gebiet sels ûntwikkelje, mar de kwaliteit fan it lânskip moat wol behâlden bliuwe. As de plannen trochgean, kin ein 2016 de skeppe de grûn yn.