COOP yn Starum is moaiste supermerk

© Omrop Fryslân, Eduard Rekker
Supermerk COOP yn Starum is útroppen ta moaiste supermerk fan Nederlân op in supermerkkongres. Dit jier dienen 23 supermerken mei oan de wedstriid. De supermerken binne test op 50 punten, wêrnei't seis finalisten útkamen. Dy lêsten binne noch in kear ûndersocht en dêr kaam de COOP fan Starum as bêste út.
De sjuery wie te sprekken oer it moaie plak oan it wetter. Minsken kinne de auto goed kwyt, mar ek boaten kinne flakby de winkel oanlizze. Nei de ferhuzing yn febrewaris is de winkel útgroeid fan buertsuper nei in winkel mei regiofunksje.